Kollum: "Fjoerige ballen"

13 nov 2017 - 08:30

"‘Lutz Jacobi en Anneke Douma sjonge karnavalskreaker’ lies ik woansdei op de Omrop-side. By it berjocht stie in filmke, dêr’t jo alfêst in ympresje krije kinne fan it ferske. Leuk dat it rimet en alles, mar in echte karnavalskreaker is it net, tocht ik by mysels. In karnavalskreaker moat toch krekt wat dûbelsinniger teksten hawwe as dit.

Dat tocht Lutz ek, want freed stie der boppe in ferfolchberjocht: ‘Lutz ynspirearret PvdA: Us ballen binne fjoeriger as ea’. Gjin idee wat se dêrmei bedoelde en yn it berjocht folge ek gjin fierdere tekst en útlis. Mar fjoerige ballen hat al mear fan de Grote Bloemkolen-hit fan André van Duin en de Burning Ring of Fire-klassiker fan Johnny Cash, dus dan kin it mooglik toch noch in karnavalskreaker wurde.

Al dit muzikale geweld hat fansels mar ien doel: de gemeenteriedsferkiezings fan 22 novimber. Wa’t no tinkt: huh, moatte we no alwér stimme? Nee, de measten fan ús net. Allinnich ast yn de weryndielingsgemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân of De Waadhoeke wennest. Pfff. Gelokkich, hear ik jim tinken. Want gjin flau idee op wa’t ik no wer stimme moatte soe. En sa giet it my ek. Sterker noch: ik wit net iens út wa’t ik kieze kin.

Twa wike lyn prate ik mei in studinte fan de NHL dy’t harsels ferkiesber stelt foar de PvdA yn Ljouwert. Se is ien fan de jongsten fan de partij en bloedfanatyk. “Myn doel is om better sichtber te wêzen foar de minsken”, fertelde se. “Dat se witte by wa’t se oanklopje kinne.” En dêr hat se wol in punt. Want hiel earlik: ik tink dat de measte minsken net witte by wa’t se oanklopje moatte. Gewoan om't polityk toch noch altyd in ‘ver van mijn bed show’ is.

It is dat ik yn Doarpsbelang sit en dêrtroch wit wa’t ús wethâlders binne yn de gemeente Smellingerlân. Oant no ta haw ik twa kear in gemeenteriedsfergadering bywenne fanwege in ûnderwerp dat ús as Doarpsbelang ek dwaande hâlde. Mar man, net te dwaan, dy lange drege gearkomsten. De helte fan de tiid hast gjin idee wêr’t it eins om giet. Yn slakketempo wurdt agindapunt nei agindapunt ôfwurke, dêr’t de komplete gemeenteried syn wurdsje oer dwaan mei. Dreech jonge. Kinst jûns net goed yn ‘e sliep komme, dan is sa’n fergadering in oanrieder.

En krekt dêr giet it mis. Net ien fan ús hellet it ek mar yn ‘e holle om oan te skowen by sa’n riedsgearkomste. It ynteressearret ús pas as it giet om saken dy’t ússels oangean. Saken dêr’t wy in miening oer hawwe of tinke ferstân fan te hawwen.

Krekt! seit stichting Doarpswurk. En krekt dêr moatte wy wat mei dwaan; mei dy persoanlike ynteresse en motivaasje fan minsken. Minsken wolle net langer yn it bestjoer fan in doarpsbelang. Se wolle dwaan wat se leuk fine. Dus belûk se by in ûnderwerp dêr’t se ferstân fan hawwe en ferfeel se net mei allerhanne oare saken en taken.

De wichtichste tip fan Doarpswurk: freegje minsken om mei te tinken oer in ûnderwerp dêr’t harren ekspertize by nedich is. Jou se earst subtyl in komplimintsje en slach dan ta. ‘Hee, do bist in ferrekt tûke arsjitekt haw ik heard. De plannen foar in nije skoalle by ús yn it doarp: meie wy ris gebrûk meitsje fan dyn ekspertize?’ Sa wol elk wol wat dwaan, mar allinnich dat wat er leuk fynt.

Miskien moatte wy dit idee by de gemeente ek trochfiere. Tenei net mear fan dy ellenlange gearkomsten oer ferskate ûnderwerpen, mar per ûnderwerp in koarte gearkomste dêr’t trochpakt wurde kin. Nûgje fuort ek gewoane boargers út dy’t der ferstân fan hawwe en 'klaar is kees'. Hast der minder wurk fan, krijst inisjativen dy’t droegen wurde troch de mienskip en bist twa kear sa rap klear.

Miskien tink ik wol wer te simpel. Mar neffens my is hjir net safolle foar nedich om dit ta in sukses te meitsjen. No ja, in pear fjoerige ballen komme fansels altyd goed fan pas."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan
(Advertinsje)
(Advertinsje)