Preemje basisfersekering De Friesland krekt boppe 100 euro

12 nov 2017 - 21:32

De moanlikse preemje fan de basisfersekering fan De Friesland giet yn 2018 licht omheech. De basisfersekering fan de soarchfersekerder komt krekt boppe de hûndert euro út, sûnder frijwillich eigen risiko. Minsken dy't foar in maksimaal eigen risiko fan 885 euro kieze, betelje takom jier krekt wat mear as tachtich euro yn de moanne. 

Freedtemiddei waard al bekend dat de preemjes by de fersekerder licht omheech gean soene. Sneintejûn hat De Friesland de krekte bedragen bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)