Kelvin de Ruiter is de Sterkste Man fan Fryslân

12 nov 2017 - 21:24

Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean is sneintemiddei de Sterkste Man fan Fryslân wurden. Yn it WTC Expo yn Ljouwert wie De Ruiter letterlik it sterkst fan it dielnimmersfjild. Jitse Kramer fan Ljouwert einige op it twadde plak, Johan Langhorst fan Snits pakte it lêste poadiumplak.

De Surhústerfeanster wûn net allinne de wedstriid om de Sterkste Man fan Fryslân, mar wie ek de bêste by it frachtweinlûken.

(advertinsje)
(advertinsje)