Wer ferlies foar Danny Noppert yn Wolverhampton

Danny Noppert (argyffoto) © Omrop Fryslân, Mats Gies
Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintejûn ek syn twadde wedstriid op de Grand Slam of Darts ferlern. Yn de twadde wedstriid fan de jûnssesje ferlear de darter mei 5-2 fan Darren Webster. Hoewol't Noppert goed partij joech, liet er it yn it begjin fan de wedstriid lizze. Yn de earste leg krige de Fryske darter de kâns, mar hy miste in finish fan 104 op tops. Dêrnei rûn tsjinstanner Webster út nei in 3-0 foarsprong.
Doe kaam de Jouster ynienen better yn syn spul. Mei twa kear 180 en in 12-darter bruts er de Ingelskman. Ek de fiifde leg gie nei Danny Noppert, mar twa finishes fan 96 foar Webster betsjutten in 5-2 nederlaach foar de Jouster. Om't er ek syn earste partij fan Daryl Gurney ferlear, komt Danny Noppert nei alle gedachten de pûl net troch.