Ferfelende Ljouwerter automobilist betrape mei drank op

© ANP
De plysje hat sneontenacht yn Ljouwert in 44-jierrige man oanhâlden om't er mei drank op efter it stjoer siet. Yn earste ynstânsje waard er troch aginten oansprutsen op de Nieuweweg. De Ljouwerter liet de tsjillen fan syn auto hurd draaie.
Dêrop moast er in blaastest ôflizze en misledige er de plysjes. De 44-jierrige man hie tefolle dronken en hat hjirfoar proses-ferbaal krigen.