Kreaze oerwinning kuorballers LDODK tsjin Fortuna

12 nov 2017 - 17:46

De kuorballers fan LDODK hawwe sneintemiddei in kreaze oerwinning pakt tsjin Fortuna út Delft. De earste sealwedstriid yn de kuorbal league waard mei 32-22 beslist yn it foardiel fan de Gordyksters. Yn it begjin fan de wedstriid koe LDODK gjin grutte foarsprong pakke op de tsjinstanners. Yn it skoft stie it 14-13, en healweis de twadde helte wie it 20-19. Earst yn de lêste faze fan it duel rûnen de kuorballers behoarlik út. Mei noch inkelde minuten op 'e klok boude LDODK de 28-21 foarsprong noch út ta in romme oerwinning fan 32-22.

Takom wike sneon spilet LDODK in útwedstriid tsjin DVO.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal Fortuna
(Advertinsje)
(Advertinsje)