Sven Kramer wint wer 5 km, Jorrit Bergsma stelt teloar

It is Sven Kramer en it bliuwt Sven Kramer as je prate oer it winnen fan de 5000 meter. Yn iisstadion Thialf makken Kramer en Ted-Jan Bloemen der in prachtige lêste rit fan. Sven joech nei 3000 meter gas en doe ûntstie der in lyts ferskil. Sven Kramer wûn mei 6.12.88 om 6.14.95 foar Bloemen.
De Noar Sverre Lunde Pedersen waard tredde mei 6.15.81. Jan Blokhuijsen waard fjirde, Erik Jan Kooiman fiifde. Foar Jorrit Bergsma wie it net in slagge wykein. De Boanster waard yn 6.18.56 mar sânde.