Antoinette de Jong: ''Dit wie de moaiste''

12 nov 2017 - 16:52

Antoinette de Jong wûn alris goud mei de ploege-efterfolging op de WK ôfstannen en de wrâldbeker, mar yndividueel noch net. "Dit is de moaiste oant no ta. Dit hie ik net ferwachte." De Jong wûn yn Thialf de 3000 meter foar de Russise Voronina, dy't se yn in streekrjocht duel fersloech. "Normaal gean je derfan út dat se nei my foar de winst gean. Ik seach yn de ritten foar my de tiid nei ûnderen gean en wist dat ik rapper moast as op it NK ôfstannen fjirtjin dagen lyn. Ik hie in goede tiid delset en dat wie genôch," sa einiget De Jong.

Ireen Wüst wie it hiele wykein net goed. Allinnich op de ploege-efterfolging pakte se sulver. Op de 1000 meter wie se snein sels alfde. "Ik ben dit weekend niet goed. Ben niet fit genoeg, maar ik maak me geen zorgen. Als dit een blauwdruk is voor het komende seizoen, dan zit het wel goed. Ik moet het vaak niet hebben van mijn eerste wereldbekers. Heb toch besloten alle afstanden te rijden en ga er vanuit dat dit mij in december en februari gaat helpen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)