Feanfroulju ferlieze útwedstriid fan Ajax

12 nov 2017 - 16:39
De Hearrenfean-froulju (argyffoto) - Foto: Martin de Jong

De fuotbalsters fan SC Hearrenfean hawwe sneintemiddei mei in minym ferskil ferlern fan de Ajax-froulju. Yn Amsterdam wie de thúsploech mei 2-1 te sterk foar de Feansters. Yn de njoggentjinde minút kaam Ajax op foarsprong troch in goal fan Marjolijn van den Bighelaar. Nei rêst ferdûbelen de Amsterdammers de foarsprong. Hearrenfean skoarde noch wol, Dana Philippo makke yn de 65ste minút de oanslutingstreffer. Fierder as ien doelpunt kaam SC Hearrenfean spitigernôch net.

Freed komme de Feanfroulju wer yn aksje, dan spylje se thús tsjin Excelsior Barendrecht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)