Antoinette de Jong wint 3000 meter yn Thialf

12 nov 2017 - 16:28

Antoinette de Jong is dit seizoen de earste Nederlânske gouden medaljewinner op it wrâldbekertoernoai yn Thialf. De 22-jierrige ynwenster fan Rottum wûn de 3000 meter yn 4.03.53. De Russise Natalia Voronina, ridend tsjin De Jong, waard twadde mei 4.04.00. Ivanie Blondin fan Kanada waard tredde mei 4.04.16. Irene Schouten waard fiifde en Ireen Wüst mei 4.05.54 mar sechsde. Carien Kleibeuker einige yn de efterein as tolfde mei 4.09.54 as eintiid.

Foar Antoinette de Jong, ein oktober ek Nederlânsk kampioen wurden op de 3000 meter, wie it har earste wrâldbekerwinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)