Wenningbrân yn Grou ûnder kontrôle

12 nov 2017 - 15:42
Foto: Noordernieuws

De brânwacht moast sneintemiddei útride foar in wenningbrân yn de Prinses Wilheminastrjitte yn Grou. It gie om in brân yn in rychjeswenning. Neffens de brânwacht stie der in bêd yn de brân. Om't it om in útslaande brân gie, skaalde de brânwacht al gau op nei in middelbrân. It fjoer wie rillegau ûnder kontrôle, mar de boppeferdjipping is folslein útbrând.

Der wienen gjin persoanen mear yn de wenning oanwêzich. De brânwacht hat it fjoer mei help fan in heechwurker útmakke. Oer de krekte oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Trefwurden: 
brân Grou brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)