Ferkiezingen: By wa mei Lennie Bronsveld útfanhûs?

12 nov 2017 - 15:40
Foto: Omrop Fryslân

Wat spilet der yn de sân gemeenten dêr't op 22 novimber ferkiezingen hâlden wurde? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeenten.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is ien fan harren. Sy dompelet har takom wike as vlogger en radioferslachjouwer in wike lang ûnder yn de gemeente Waadhoeke. In gemeente dêr't in hiel soad gemeenten byelkoar komme mei in stikje Littenseradiel derby. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Sint-Anne nei de weryndieling, en de grutte gemeente dêr't se daliks yn opgeane? En hawwe de ynwenners fan Tsjom deselde soargen as dy yn Menaam? Lennie siket it út, en sy is ek noch op syk nei in sliepplak, want de ferslachjouwers meie in wike lang echt ûnderfine wat it is om ynwenner te wêzen fan de nije gemeente.

Hokker gemeente silsto hinne?

Ik sil nei Waadhoeke. Net ‘de’ Waadhoeke. Dy flater sil ik fêst noch ris meitsje. Waadhoeke is in hiele nije, gemeente mei Frjentsjer as haadplak en sawat 47.000 ynwenners.

Hoe giest de gemeente yn, hoe riedst dy ta?

Om my goed ta te rieden op dizze wike haw ik de stimwizer dien. Al mei ik dan sels net stimme yn dizze gemeente, it jout my wol in byld fan wat der spilet yn de gemeente. Ek haw ik safolle mooglik sjoen op de websiden fan de doarpen. Fierder lit ik it op my ôfkomme.

Nei watfoar ferhalen giest op syk?

Mei de lanlike ferkiezings haw ik ek in soad boargers sprutsen oer wat sy fine dat op de aginda stean moat fan Den Haag. Dat hat doe in soad persoanlike ferhalen opsmiten. Minsken dy’t it troch besunigingen it hiel dreech hawwe. Of minsken dy’t sa hurd oan it wurk binne dat se net iens stil stean by wat se wichtich fine op it mêd fan polityk. Ik hoopje dat ik dizze wike wer fan sokke ferhalen te hearren krij, sadat Fryslân in goed byld krijt fan wat de nije Waadhoeker fynt, tinkt en fielt.

Wêr fregest wol nei? Wêr net nei?

Ik sil net freegje oft minsken alle kandidaten fan de partijen witte. En ik sil ek net freegje op wa’t se stimme sille. Ik sil freegje nei wat minsken wichtich fine, wêr’t se feroaring sjen wolle. Of just wêr’t de minsken hiel bliid mei binne. Oft de ynwenners fan Waadhoeke fertrouwen hawwe yn de nije gemeente.

Wat ferwachtest te hearren?

Gjin idee. Ik wenje sels net yn it gebiet, dus ik wit net wat de minsken my fertelle sille. Ik hoopje in soad oprjochte minsken te sprekken dy’t harren eigen miening mei my diele wolle.

De vlogs fan Lennie steane fan moandei ôf op de spesjale temaside omropfryslan.nl/ferkiezingen/vlogs. Minsken dy't in bêd of in ferhaal hawwe foar Lennie kinne kontakt mei har opnimme fia lennie.bronsveld@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)