"Fak psychology ynfiere op middelbere skoallen"

It fak psychology soe ynfierd wurde moatte op middelbere skoallen. Dat fynt skriuwster Janny van der Molen út De Knipe. Van der Molen skriuwt boeken oer ferskate maatskiplike ûnderwerpen foar jongeren, mar ek foar folwoeksenen binne de boeken learsum. Op 23 novimber komt har nije boek 'Grote gevoelens' út. Yn dit ferhaal nimt de skriuwster tritich psychologen by de kop. Tagelyk is it in ferhaal oer Leraer Swart. Nei foarbyld fan har eigen learaar op skoalle, dêr't se in protte fan leard hat. It is in ferfolch op it boek 'Grote gedachten', dat giet oer filosofy.
Fan grut belang
Neffens Janny van der Molen is psychology fan grut belang foar de jongeren fan no. De wrâld is yngewikkeld, de kaders binne fuort en de ambysjes heech. Der wurdt folle mear fan de jonge bern frege as fjirtich jier lyn. Der moat prestearre wurde. Eartiids waarden je fan in dûbeltsje in kwartsje, no moatte bern fan in dûbeltsje in euro wurde. De druk is folle heger en de wrâld komplekser. It soe neffens Van der Molen goed wêze as der mei it fak psychology op skoalle mear omtinken komt foar dizze saken. Sadat learlingen harren eigen libben en dat fan de omjouwing better begripe en hantearje kinne.
Op 7 desimber is der yn Amsterdam by de presintaasje fan it boek in debat oer psychology op skoalle. Under oaren in heechlearaar en de skriuwer fan it boek 'Tienerbrein' sille meidwaan oan dit debat. Ek de âld-learaar fan Janny van der Molen komt derhinne en sil it boek psychology yn ûntfangst nimme.
Harkje nei de folsleine bydrage oer psychology op de spesjale side fan Buro de Vries.