Japan bêst op 1000 meter, Ter Mors tredde, Leenstra fjirde

12 nov 2017 - 14:38

Nederlân wachtet noch altyd op de earste gouden medalje op de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Yn Thialf gong de winst op de 1000 meter nei Nao Kodaira, ek al de winner fan de beide 500 meter. De Japanse sette mei 1.13.99 fierwei de bêste tiid del.

Miho Takagi, ek fan Japan, waard mei 1.14.45 twadde, Jorien ter Mors waard mei 1.14.65 tredde. Marrit Leenstra waard fjirde mei 1.15.28, Heather Bergsma sechsde mei 1.15.37 en Ireen Wüst alfde mei 1.16.10.

By de manlju wûn de Rus Pavel Kulizhnikov mei in nij baanrekôr. Hy is de earste dy't op Thialf flugger rydt as 1.08. De nije toptiid 1.07.97. Kai Verbij waard twadde yn 1.08.12 en de Noar Håvard H. Lorentzen tredde yn 1.08.28.

(Advertinsje)
(Advertinsje)