Waaksma fol fertrouwen nei rjochter om taksyferfier

12 nov 2017 - 14:29

Rienk Waaksma hat der alle fertrouwen yn dat syn taksybedriuw de rjochtsaak winne sil dy't moandei spilet yn Den Haach. Neffens Waaksma ha twa konkurrinten fan syn taksybedriuw yn septimber net earlik hannele by de oanbesteging. Dat gong om it taksyferfier yn seis gemeenten yn Noardeast-Fryslân. It giet om twa bedriuwen út Drinte, Dorenbos en VMNN. Dy soenen in grutter stik fan it ferfier krigen hawwe as harren rjochtens takaam, seit Waaksma.

Fúzje yn Drinte

Dorenbos en VMNN makken yn july bekend dat se fusearje sille. Neffens Waaksma hienen se dêrom net as twa aparte bedriuwen meidwaan kinnen oan de oanbesteging. Yndividuele bedriuwen kinne, op basis fan ôfspraken dy't makke binne, per bedriuw mar in beheind stik fan it ferfier binnen helje.

Trochdat Dorenbos en VMNN apart meidien hawwe oan de oanbesteging hawwe se in grutter part fan it ferfier krigen dan dêr't se as ien bedriuw foar yn oanmerking kommen koenen, sa claimt Waaksma.

Learlingeferfier

Waaksma krige yn septimber in part fan it learlingeferfier en yn lyts stikje WMO-ferfier. Dat is ferfier yn it ramt fan de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Yn fergeliking mei it kontrakt dat no noch bestiet, moat it bedriuw mear as 75 persint ynleverje. Waaksma fynt dat tige ferfelend. ''Mar as it earlik ferrûn wie hie ik my der by deljûn'', seit hy.

"Jannewaris helje we net"

It nije ferfierskontrakt foar Noardeast-Fryslân moat begjin jannewaris yngean. Waaksma tinkt dat dit troch alles wat der spilet nei alle gedachten net helber wêze sil. Yn dat gefal lizze der ôfspraken dat it rinnende kontrakt tydlik ferlinge wurdt oant 31 july takom jier.

It taksyferfier yn Noardeast-Fryslân wurdt tawiisd troch it Mobiliteitsbureau. Dat is in gearwurkingsferbân fan de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Kollumerlân en Tytsjerkstradiel en de provinsje.

Alwer foar de rjochter

By in eardere oanbesteging begjin dit jier helle Waaksma ek hast neat binnen. It bedriuw spande hjir ek in koart pleit tsjin oan. De rjochter besleat yn juny dat de oanbesteging oer dien wurde moast.

Trefwurden: 
Waaksma taksy rjochtsaak
(Advertinsje)
(Advertinsje)