Keith Richards (fan de Stones) stellen út Ljouwerter teäter

12 nov 2017 - 14:01
Foto: Lida Vellinga

Ut de Ljouwerter skouboarch De Harmonie is freedtejûn in byld stellen. It giet om in ôfbylding fan Rolling Stones-gitarist Keith Richards. It byld stie yn de boppe-foyer fan it teäter, yn in eksposysje fan Amelân Kunstmaand.

Op dit stuit is it Noordelijk Filmfestival oan de gong yn de Harmonie. Neffens it filmfestival sille der gjin stappen ûndernaam wurde tsjin de dief, as it wurk sûnder skea werom komt.

De Ljouwerter keunstneres Lida Vellinga hat it byld makke. It wurk is foar har fan grutte emosjonele wearde. Op har Facebook-side freget se tsjûgen har te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)