Spannende tiden foar shorttrackers: Wa mei nei de Spelen?

Nei trije fan de fjouwer wraldbekerwedstriden is it noch altyd spannend foar de Nederlânske shorttrackers. Meie se wol nei de Olympyske Spelen? En mei hoefolle riders dan? It kommend wykein falt yn Seoul de beslissing.
De posysje fan de ôflossingsploegen is dêrby it belangrykste. Dy moatte by de bêste acht fan it wrâldbekerklassemint stean. Op dit stuit is dat sa, mar it is lang net wis oft dat sa bliuwt.
Hoe steane de manlju der foar?
By de manlju foarmje Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Ithzak de Laat de fêste kearn fan de ôflossingsploech. It lêste plak wurdt faak ynfold troch Dennis Visser of Dylan Hoogerwerf.
De manljusploech begûn min yn Boedapest, se krigen in penalty yn de heale finale. Yn Dordrecht waarden se twadde en like der neat oan de hân, mar dit wykein waarden se yn Shanghai al yn de earste ronde útskeakele. Yn it klassemint oer trije wedstriden steane de mannen no sechsde. By de lêste wedstriid yn Seoul meie de manlju gjin fouten meitsje.
En hoe is it by de froulju?
By de froulju is it eins hast itselde ferhaal. Se stean ek sechsde. Yn Boedapest krigen de froulju yn de heale finale ek in penalty, yn Dordrecht gong it goed mei in fjirde plak. Yn Shanghai krigen se wer in penalty yn de heale finale. By de earste twa wrâldbekers rieden Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof, Lara van Ruijven en Jorien Ter Mors.
Yn Azië is Rianne de Vries der wer by. Fan 't simmer bruts se har ankel, mar dat ankel is no wer better. Se nimt it plak yn fan Ter Mors, dy’t har no mear rjochtet op it langebaanriden. De froulju moatte, krekt as de manlju, gjin fout meitsje by de lêste wrâldbekerwedstriid yn Seoul.
Hoefolle shorttrackers meie der nei de Spelen?
As de beide ploegen by de earste acht einigje, meie der fiif Nederlânske froulju en fiif manlju nei de Spelen. Foar elke ôfstân meie dan maksimaal trije Nederlanners meidwaan. Dat mei allinne as der trije Nederlanners by de bêste 32 yn it wrâldbekerklassemint stean op de 500 en 1000 meter. By de 1500 meter moatte der trije by de bêste 36 stean.
Is Sjinkie al wis fan in plakje?
By de manlju is dat no sa op de 500 meter, mar net op de 1000 en 1500 meter. Knegt is leider fan it klassemint op de 1000 meter, mar Breeuwsma (op plak 33), Hoogerwerf (op plak 38), Visser (op plak 53) en De Laat (op plak 62) steane net yn de top 32.
Op de 1.500 meter binne Knegt en De Laat twadde en fjirtjinde, mar Breeuwsma (op plak 38) en Visser (op plak 59) foldogge net oan de eask.
En de froulju?
By de froulju liket it fierder gjin probleem. Schulting, Van Ruijven en Van Kerkhof stean heech genôch op de 500 en 1000 meter. By de 1500 meter hat Ter Mors holpen troch twa kear in goede útslach te setten yn plak fan Van Ruijven. Dêr sit it wol goed.
It is in flinke puzzel, mar de Nederlânske shorttrackers moatte nije wike noch wol even oan de bak. De wrâldbeker yn Seoul begjint tongersdei 16 novimber en duorret oant en mei snein 19 novimber.