Brân yn tinte kin iepeningsfeest Ofslútdyk net keare

12 nov 2017 - 11:27

De brân yn in grutte tinte by de Ofslútdyk dy't freedtejûn ûntstie, hat gjin gefolgen foar de festiviteiten om de keunstprojekten fan Daan Roosegaarde hinne. De skea fan de brân is beheind bleaun. Dat meldt Rykswettersteat.

Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat liket it der foarearst op dat der sprake west hat fan in technysk mankemint.

In losse tinte, dy't achter de grutte tinte stie, is ferlern gien. Dy waard brûkt foar de catering. It achterste part fan de grutte feesttinte rekke ek behoarlik skansearre. Dat kin gau oplost wurde, omdat de tinte bestiet út losse panielen. Dy wurde ferfongen. En it dak moat skjinmakke wurde.

De tinte bliuwt oant ein jannewaris yn Den Oever stean. Oant dy tiid is dêr ûnder oare it ûntwerp Windvogel fan Daan Roosegaarde te sjen. Windvogel is in earbetoan oan astronaut Wubbo Ockels. Dy dreamde fan draken dy't stroom opwekke. Daan Roosegaarde makket dy dream wier.

Op sneon 18 novimber is der in spesjaal iepeningsprogramma yn de tinte. Dan binne der masterclasses fan ûnder oare Daan Roosegaarde. De festiviteiten kinne allegearre trochgean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)