Izersterke Schulting kin kopposysje net hâlde op 1.000 meter

12 nov 2017 - 10:01

Shorttrackster Suzanne Schulting is der by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai net yn slagge in medalje te feroverjen op de 1.000 meter. Se waard fyfde yn de finale. Kim Boutin fan Kanada wûn. Schulting (20) wie yn Sina op de 500 en op de 1.500 meter as sânde einige. Op de 1.000 meter pleatste se har oertsjûgjend foar de finale, troch yn de kwartfinale en yn de heale finale de race fan kop ôf te winnen. Dat meldt de NOS. Yn de finale naam Schulting ek al betiid de lieding, mar dat koste har tefolle krêft, en al gau waard se oan alle kanten ynhelle. 

By de mannen kamen sneon gjin Nederlanners yn aksje. De Sinees Wu Dajing wûn nei de 500 ek de 1.000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)