Ungelok bringt Fryske frachtrider by oprop oan asosjauffeurs

"It hert siet my yn de kiel", dat seit de Fryske frachtweinsjauffeur Tjitze Bouma. Hy rekke freed belutsen by in ûngelok yn Dútslân, doe't er wer ûnderweis nei it heitelân wie. By knooppunt Schüttorf waard er fan achteren oanriden troch in oare frachtauto, omdat it blokkearingssysteem fan syn truck aktyf waard. "In automobilist mei haast dûkte der op it lêste momint foar" seit Bouma tsjin de NOS.

"Hy trape ynienen op de rem"

"Ik wie oan it útfoegjen doe't er de auto tusken my en myn foargonger drukte", fertelt Bouma. "Ik seinde nei him, om him te warskôgjen. Doe trape er ynienen keihurd op de rem." De wein fan Bouma stie samar stil. Dêr bleaun it net by. "De frachtweinsjauffeur achter my koe net sjen wat der barde. Hy besocht my noch te ûntwiken, mar koe net foarkomme dat er my fan achteren ramde. Gelokkich is der net ien ferwûne rekke." En de automobilist? "Dy is trochriden."
De frachtwein fan Bouma hat in needremfunksje. Dat is in systeem dat op tiid in sinjaal ôfjout, as der in botsing driget. As de sjauffeur net op dy warskôging reagearret, faaks omdat er net oplet, dan set de needremfunksje de wein automatysk stil.

"Asogedrach fan automobilisten"

Bouma hat syn ferhaal dien op facebook, om elkenien te wizen op de gefaren fan 'sokke aksjes.' Syn berjocht is al mear as 10.000 kear dield. "De frachtweinsjauffeurs binne wier net hillich, mar it asogedrach fan de automobilisten is écht in probleem."
"Wat no as der in gesin achter my riden hie? Dan hienen se fan dy wein achter my in triuw krigen, en dan wiene se by my ûnder de oplizzer telâne kaam. Ik bin hiel bliid dat dat net bard is."

"Needrem rêdt minskelibbens"

Bouma ropt automobilisten op om by it útfoegjen net altyd foaroan ride te wollen. "Gean op tiid nei rjochts, tusken ús yn. Sjauffeurs litte dan echt wol romte om yn te foegen. It ferkear rydt better troch sûnder nuveraardige remaksjes." Oer it needremsysteem, dat hieltyd faker yn frachtauto's ynboud wurdt, is Bouma goed te sprekken. "As je bygelyks krekt wat te hurd op in file ôf ride, dan begjint de truck sels te remjen. En it systeem set fuort en daliks de alarmljochten oan. Dat rêdt wol minskelibbens, hear!"

"Ik ben ongeduldig en boos"

Der komme in soad reaksjes op de facebook-oprop fan Bouma. "Ik ben zo iemand die met regelmaat dit soort fratsen uithaalt", is ien fan de minsken dy't reagearre hat. "Dan ben ik ongeduldig, onrustig en boos en dat reageer ik dan af in het verkeer."
De bestjoerder jout yn it berjocht oan Bouma ta dat sok asogedrach net kin. Hy wol it fan himsels ek net lije. "Ik ben mij nooit zo bewust geweest van de werkelijke risico's. Ik heb namelijk nooit geweten dat bij een vrachtwagen een blokkeringssysteem in werking wordt gezet in dergelijke situaties."
Dat in gesin mei de auto ûnder Bouma's oplizzer komme kind hie, dêr skrikt dizze man fan. "Een opmerking die ik erg confronterend vind, maar wel belangrijk." Hy is bliid mei de oprop fan de Fryske sjauffeur. "Ik realiseer mij des te meer hoe belangrijk het is om te leren omgaan met mijn agressie en onrust. En dat ik mezelf, wanneer het mij weer eens te hoog zit, moet verbieden achter het stuur te kruipen."