Traumateam helpt swierferwûne brommerrider by Nijewier

In brommerrider is sneontejûn swierferwûne rekke by in ûngelok yn Nijewier. It slachtoffer kaam troch in ûnbekende oarsaak te fallen. Meardere ambulânses en in traumahelikopter binne nei Nijewier kaam foar de helpferliening.
Neffens in tsjûge wie de brommerrider nei it ûngelok net oansprekber. De Mearswei hat ôfsletten west foar it ferkear. De plysje hat ûndersyk dien nei de tadracht.