Wol de gemeente Ljouwert nije Twadde Keamerferkiezingen?

12 nov 2017 - 07:39
Foto: Dieuwke Kroese, Kroese Media

De gemeente Ljouwert hat by fersin oproppen om op 22 novimber te stimmen foar de Twadde Keamer, yn stee fan foar de gemeenteried. Dat barde yn in brief, dy't ferstjoerd is nei jonge Ljouwerters dy't dit jier foar it earst stimme meie.

Op Facebook wurdt der smaaklik lake om de flater fan de gemeente. Ien persoan neamt it 'een beetje dom', in oar freget him ôf oft der sprake is fan 'grootheidswaanzin' by de gemeente.

Op 22 novimber fan dit jier binne der gemeenteriedsferkiezingen yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Normaalwei hiene dy op 21 maart 2018 west, mar trochdat der by dizze gemeenten sprake is fan weryndieling, binne se earder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)