Noppert ferliest earste partij op Grand Slam of Darts

12 nov 2017 - 01:00

Darter Danny Noppert is der sneontenacht net yn slagge syn earste pûlwedstriid op de Grand Slam of Darts te winnen. Op it poadium yn Wolverhampton ferlear de Jouster relatyf kânsleas mei 5-1 fan Daryl Gurney út Noard-Ierlân. Oant 1-1 yn legs gie de wedstriid gelyk op, mar dêrnei wie Gurney better as de 26-jierrige Noppert. Kânsen wienen der wol foar de Jouster, mar hege finishes fan 164 en 140 gienen net út.

''Tefolle spanning''

‘’Yn it begjin fan de wedstriid hie ik tefolle spanning’’, sa fertelle Danny Noppert nei ôfrin fan syn partij. ‘’It wie hjoed wikselfallich, it foel net myn kant op.’’ Dat wylst de Jouster him sûnt koart folslein op it darten rjochte hat. ‘’Goed traine, ik doch der alles oan’’, neffens Noppert. ‘’Dit is no in teloarstelling. Mar ik sil in goeie nacht meitsje en dan sjoch ik moarn wer fierder.’’  

Troch de nederlaach stiet Noppert op it stuit ûnderoan yn pûl D op it telefyzjetoernoai fan de PDC. Sneintejûn komt de darter wer yn aksje op it poadium, dan nimt hy it op tsjin Ingelskman Darren Webster. 

(advertinsje)
(advertinsje)