Winneres ferlotting: "Tien gaten in de lucht gesprongen"

5140. Mei dat nûmer wûn Sanne Verhoef út Arnhem by de ferlotting fan fuotbalferiening Ouwe Syl sneontemiddei in hûs oan De Kolk yn Aldebiltsyl. Mei in lot dat 'mar' 98 euro koste hat, hat se in hûs wûn dat in wearde hat fan 200.000 euro.
Sanne wie sels net by de ûntknoping oanwêzich, mar kaam fuortendaliks fanút har wenplak nei Aldebiltsyl ta. Se hearde live, thús yn Arnhem, dat se it hûs wûn hie. "Onvoorstelbaar", sei Sanne oer it momint dat har nûmer oplêzen waard. "Dit verwacht je natuurlijk nooit. Ik bedoel, hoe groot is nou de kans dat ze net jóuw nummer uit die pot trekken? Echt ongelooflijk. Ik heb niet een, maar wel tien gaten in de lucht gesprongen en dat worden er steeds meer."

"Schitterende actie"

Wat moast in ynwenster fan Arnhem no mei in lot wêrmei't je in hûs yn Fryslân winne kinne? "Ik ben vaak in Friesland geweest en vind het een prachtige provincie. Op Facebook zag ik de actie voorbijkomen. Dat vond ik zo'n schitterende actie dat ik besloot een lot te kopen."
Wat sil se mei it hûs dwaan? "Ik wil het wel een tijdje proberen, wonen in Friesland. Kijken of ik het wat vind. Voor hoelang? Geen idee, daar ben ik nu niet mee bezig. Ik knijp nog af en toe in mijn arm om te controleren of het allemaal echt is."