Follybalsters VC Snits thús muoisum lâns Zwolle

VC Snits © Martin de Jong
De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn yn de eigen sporthal wûn fan Zwolle. Yn de wedstriid wiene beide ploegen bot oan elkoar weage, mar luts Snits luts úteinlik oan it langste ein. It waard 3-1 foar de ploech fan trainster Petra Groenland.
Snits begûn as nûmer twa oan de wedstriid, wylst tsjinstanner Zwolle ien plakje ûnder harren op de ranglist stie. De earste set einige yn 25-20 foar de Snitser froulju. Nei de twadde set stiene beide ploegen wer yn lykwicht, want Zwolle wûn dizze set mei 25-17.
De tredde set gie gelyk op. Dochs koe Snits dizze set mei 26-24 binnenslepe. De fjirde en úteinlik beslissende set einige yn 25-20 foar Snits.