Nei fjouwer nederlagen wer winst foar basketballers Aris

11 nov 2017 - 22:00

Nei fjouwer ferliespartijen op rige, ha de basketballers fan Aris sneontejûn wer ris in kompetysjewedstriid wûn. De Ljouwerter basketballers wiene yn eigen hûs te sterk foar Amsterdam. Yn sporthal Kealledykje waard it 79-73 foar de ploech fan coach Tony van den Bosch.

Nei it earste kwart fan de wedstriid stie Aris mei 29-20 foar. Benammen de Amerikaan Emile Blackman wie op skot foar de Ljouwerters, hy wie yn it earste kwart goed foar mar leafst sechstjin punten.

Yn it twadde kwart gie it gelyk op. Aris koe de foarsprong behâlde en gie de rêst yn mei in stân fan 48-40. Yn it tredde kwart diene beide ploegen opnij net in soad foarinoar ûnder.

De Ljouwerters wûnen de wedstriid úteinlik mei 79-73. Blackman wie topskoarder mei 28 punten. De winst op Amsterdam wie de earste thúsoerwinning fan it seizoen foar Aris.

Trefwurden: 
Aris Amsterdam basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)