Arends ferliest finale Challengertoernoai yn Slowakije

Sander Arends yn aksje op Wimbledon © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is der sneontejûn, tegearre mei syn maat Antonio Sancic út Kroäsië, net yn slagge it Challengertoernoai yn Slowakije te winnen. Yn de finale ferlear it duo fan de broers Ken en Neal Skupski út Grut-Brittannië.
De 26-jierrige Arends en syn tennispartner Sancic wûnen de earste set mei 7-5. De twadde set gie mei 6-3 nei de Britske broers. De beslissende set gie lang gelyk op, in supertiebreak moast de trochslach jaan. Dêryn wiene de Skupski's krekt te sterk foar Arends en Sancic: 10-8.