Frou út Arnhem wint hûs mei ferlotting fuotbalklup Ouwe Syl

Sanne Verhoef út Arnhem is de winner wurden fan de ferlotting fan fuotbalferiening Ouwe Syl en dêrmei de nije eigener fan it hûs oan De Kolk yn Aldebiltsyl. Dat waard sneontejûn bekend. De priis foel op lotnûmer 5140. Verhoef wie sels net by de ûntknoping oanwêzich.
Ouwe Syl hie dizze lotterij yn it libben roppen om mei de opbringt it ferâldere sportkompleks fan de klup op te knappen. It hûs hat in wearde fan 200.000 euro. By de ferlotting wiene 7.908 lotten beskikber. In lot koste 98 euro. Tsien dagen foar de sluting wiene se allegear ferkocht.
De aksje sette yn maaie dit jier útein en wie nei oanlieding fan it fyftichjierrich bestean.