Bergsma en Stroetinga kânsleas op de massastart

11 nov 2017 - 17:50

Gjin súkses foar Nederlân op de massastart yn Thialf. Sprinter Arjan Stroetinga siet yn de twadde groep, wylst Bergsma tocht dat syn maat krekt as hysels yn de foarein ried. De sprint waard mei oermacht wûn troch de Koreaan Seung-Hoon Lee, foar de Amerikaan Joey Mantia en Jaewon Chung (Koreä). Bergsma waard njoggende, Stroetinga fjirtjinde.

By de froulju wie de winst foar de Japanse Ayano Sato. Ivanie Blondin fan Kanada waard twadde, de Italiaanse Francesca Lollobrigida tredde. Janneke Ensing en Irene Schouten waarden tsiende en alfde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)