Frou rydt mei auto by Aldeholtwâlde de greppel yn

11 nov 2017 - 17:48
Foto: De Vries Media

In auto is sneontemiddei njonken de A32 by Aldeholtwâlde yn de greppel bedarre. De bestjoerder fan de auto ferlear by it ferlitten fan de sneldyk de macht oer it stjoer. Rykswettersteat sleat de ôfslach ôf en in bergingsbedriuw helle de auto wer út de greppel.

De skrik siet der goed yn by de frou, dy't by it ûngelok fierder net ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Aldeholtwâlde A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)