Auto oer de kop en yn berm telâne kaam by Bitgum

© Lejo WaschFotografie
Der is freedtenacht by Bitgum in auto oer de kop flein en yn de berm telâne kaam. It ûngelok barde by de t-splitsing fan de Langhústerwei en de Berltsumerdyk. De melding kaam om trije oere by de plysje binnen. Dy trof allinnich de auto oan, de bestjoerder wie net te finen.
De plysje tinkt dat de bestjoerder fanút de rjochting fan Sint-Anne in bocht mist hat en fia in betonblok oer de kop slein is.