Mear as 150 opsette bisten yn Natuermuseum Fryslân

Opsette astromûs yn Natuermuseum Fryslân © Omrop Fryslân
Yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert binne fan nije wike snein ôf mear as 150 opsette bisten te sjen. In grut Frysk hynder, lytse fûgeltsjes en alle bisten dêr tuskenyn binne dan útstald. De opsette bisten binne dogge mei oan it Nederlânsk kampioenskip.
Kommende wike wurde alle ynstjoeringem beoardiele troch in sjuery en nije wike is de priisútrikking. Dêrnei binne alle bydragen dy't om it nasjonaal kampioenskip striden hawwe, te bewûnderjen.
It natuermuseum wie ferrast troch it grutte oantal ynstjoeringen. It berop fan preparateur is dúdlik populêr, wylst der net in oplieding foar is. It fak wurdt leard troch yn de lear te gean by in oare preparateur.