Sulver foar Jan Smeekens op de 500 meter yn Thialf

11 nov 2017 - 15:36
Jan Smeekens - Foto: awfoto.nl

Jan Smeekens út Snits is sneontemiddei twadde wurden op de 500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Mei in tiid fan 34.84 wie er fjouwerhûndertste stadiger as de Kanadees Laurent Dubreuil dy't it goud pakte. Ronald Mulder waard op dizze ôfstân tredde. Syn tiid wie 34.85.

De winst by de froulju gong krekt as op freed nei de Japanse Nao Kodaira. Mei har 37.33 wie se no fjouwerhûndertste stadiger. Sang-Hwa Lee waard mei 37.53 opnij twadde. Ariso Go tredde mei 37.88. De Fryske froulju wiene freed better as no. Janine Smit waard achttjinde yn 38.75 en Letitia de Jong njoggentjinde 38.84.

(advertinsje)
(advertinsje)