Maatregels om ferkearssituaasje by Wiarda oan te pakken

11 nov 2017 - 15:18

De gemeente Ljouwert nimt maatregels om de ferkearsfeilichheid by sportpark Wiarda te ferbetterjen. Yn jannewaris wurdt begûn mei de ferbreding fan de tagongsdyk. Boppedat wurde der ek mear parkearplakken oanlein.

Op spyldagen is it by de thúsbasis fan fuotbalklups Blau Wyt en FVC in grutte gaos. Auto's steane oeral, om't der fierstente min parkearromte is. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes, om't de tagongsdyk no ek brûkt wurdt troch de bewenners van de nije wenwyk, achter it sportkompleks.

(Advertinsje)
(Advertinsje)