Takagi wint 1500 meter, Leenstra ûnderút

11 nov 2017 - 15:07

Miho Takagi hat de 1500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. De Japanse ried 1.54.68. Jorien ter Mors waard twadde yn 1.55.44 en Lotte van Beek tredde yn 1.56.34. Ireen Wüst helle plak fjouwer yn 1.56.83 en Antoinette de Jong waard fiifde yn 1.57.01. Heather Bergsma waard mei 1.57.02 sechsde. Marrit Leenstra gong yn de lêste bocht ûnderút. Mei 2.37.58 makke se noch wol de rit ôf.

By de manlju gong de winst nei Denis Yuskov mei 1.44.42. Vincent De Haitre fan Kanada waard twadde yn 1.45.87 en Thomas Krol tredde yn 1.45.92. Nederlânsk kampioen Koen Verweij pakte mei 1.46.09 it fjirde plak.

Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker
(Advertinsje)
(Advertinsje)