Dokkum ûntkomt net oan aksjes tsjin Swarte Pyt

11 nov 2017 - 14:15
Piteprotest by de yntocht fan Sinteklaas yn Rotterdam - Foto: ANP

Der komt toch in protestaksje by de yntocht fan Sinteklaas nije wike yn Dokkum. De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet makket op Facebook melding fan in freedsume protestaksje. De aksjefierders roppe op om neat te dwaan dat agresje of rellen útlokke kin.

Foarôfgeand oan de aksje wurdt in mars foar de beskaving hâlden. It Piteprotest is oanmelden by de gemeente en by de plysje. Neffens de aksjegroep hâldt Nederlân fêst oan de rasistyske karikatuer fan Swarte Pyt, de aksjegroep pleitet foar in mienskip sûnder rasisme.

Trefwurden: 
Dokkum Swarte Pyt Sinteklaas
(Advertinsje)
(Advertinsje)