Fryske artysten yn 'stimbus' foar geheime top 100-optredens

De stimbus foar de Fryske top 100 is iepen. Oant en mei Twadde Krystdei kin elk dy't dat wol in persoanlike top fiif ynstjoere op frysketop100.nl.
Om safolle mooglik stimmers te lûken, binne ferslachjouwers fan de Omrop dit wykein ûnderweis mei in echte stimbus. In reade dûbeldekker. En dêryn sitte ek Fryske artysten. Dy stappe ûnderweis út foar ferrassingsoptredens. Wêr't se dat dogge, wurdt oant it lêste momint geheim holden.
Foarich jier binne der om ende by 30.000 stimmen útbrocht. It nûmer Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra kaam op ien te stean. De grutste sensaasje wie Frerik de Swetser. Mei syn 'Iderien wurdt bekend' kaam er fanút it neat binnen op nûmer trije yn de list. De folsleine top 100 fan foarich jier stiet hjir.
De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber fan 13.00 oere oant middernacht útstjoerd op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online.