1000 skilderijen as protest tsjin Kulturele Haadstêd

11 nov 2017 - 12:34

Ljouwert moat yn 2018 wer in grutte keunstrûte krije. Dat wol de Fryske keunstner Marten Sale Brouwer. Hy wennet en wurket yn Japan, en hat it inisjatyf naam foar de keunstrûte.

Brouwer wol mei 1000 skilderijen fan de hiele binnenstêd ien grutte iepenloftgalery meitsje. Brouwer ropt Fryske dichters op om ek in bydrage te leverjen oan it projekt.

Brouwer sjocht syn inisjatyf as in protest tsjin Kulturele Haadstêd. Neffens him is der yn it offisjele programma-oanbod fan LF2018 fierstente min oandacht foar de byldzjende keunst.

Fan alle keunstwurken sille foto's makke wurde, dy't de basis foarmje fan in ynternasjonale eksposysje yn Osaka yn Japan. Foar dy tentoanstelling sille ek Fryske gedichten oerset wurde yn it Japansk.

Trefwurden: 
keunstrûte Ljouwert LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)