Kening ornearret lintsje foar tûzenpoat út Bakkefean

Jan van Dalen © Gemeente Opsterlân
Jan van Dalen fan Bakkefean hat sneontejûn in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Ellen van Selm fan de gemeente Opsterlân rikte de fersiersels út foar de entûsjaste en frijwillige ynset fan Van Dalen by tal fan aktiviteiten yn it doarp.
Van Dalen (59) is foardroegen troch doarpsgenoaten. Hy is al jierren belutsen by it follybal, by de tennisferiening en by de rommelmerk yn it doarp. Hy is redakteur fan de pleatslike krante, ponghâlder fan Sociaal Cultureel Werk, organisator fan de jierlikse ballonfearten, en helpt minsken thús mei de kompjûter.
Fierder organisearret Van Dalen fyts- en kuiertochten, en hat er de webside bakkeveen.nl oprjochte. Dizze side hâldt ynwenners op de hichte fan nijs út it doarp, en bringt se mei-inoar yn ferbining.