Ferkiezingen: By wa mei Afke Boven útfanhûs?

11 nov 2017 - 10:44

Wat spilet der yn de sân gemeenten dêr't op 22 novimber ferkiezingen hâlden wurde? Binne der grutte ferskillen te sjen tusken de ferskate gebieten, en hokker ûnderwerpen wurde as wichtich sjoen? Trije ferslachjouwers fan Omrop Fryslân sille in wike lang op ûndersyk út yn de nij te foarmjen gemeenten.

Ferslachjouwer Afke Boven is ien fan harren. Sy dompelet har takom wike as vlogger en radioferslachjouwer ûnder yn de gemeente Ljouwert. In gemeente dy't der in stikje Littenseradiel en Ljouwerteradiel by krijt. Hoe sjogge de ynwenners fan bygelyks Weidum nei de weryndieling, en nei de grutte gemeente dêr't se aanst by hearre? En hawwe de ynwenners fan Easterlittens deselde soargen as dy fan Stiens? Afke siket it út. Se is ek noch op syk nei in sliepplak, want de ferslachjouwers meie in wike lang echt ûnderfine wat it is om ynwenner te wêzen fan de nije gemeente.

- Wat is it foar gemeente, dêr'tst hinne giest?

Ik sil nei Ljouwert. In gemeente dy't by oare fúzjes al sjen litten hat nije ynwenners mei in waarm hert te ûntfangen. De reewilligens fan de gemeente is grut, ek de lytse doarpen lykje se net te ferjitten. Ik bin wol benijd oft de minsken dat ek sa fiele. Dizze ferkiezingen binne ek de earsten yn it rychje mei it nije kabinet, de lanlike politike partijen sille ek sjen nei wat der hjir bart.

- Hoe giest de gemeente yn, hoe riedst dy ta?

Lykas Bauke Deelstra, dy't nei Súdwest-Fryslân giet, besykje ik my ek sa iepen mooglik op te stellen. Dêrby tink ik dat Bauke, Lennie en ik ferslachjouwers binne dy't geskikt binne foar it meitsjen fan dizze ferhalen. We binne allegear wol tagonklike minsken, fan dy types dêr'tst gau in praatsje mei makkest. Wy bringe sawol gesellichheid as in lústerjend ear.

- Wat foar ferhalen sikest?

We dompelje ús letterlik ûnder en litte it hielendal oer ús hinne komme. We sykje de politisy bewust net op, mar binne benijd nei wat de minsken wolle. Wêr stimme se op en wêrom? Fansels hearst wol faker de gewoane minsken, mar dat giet dan dochs faak oer ferskillende partijen en partijprogramma's. Mar wat fine se der no echt fan de weryndieling, hoe fiele se harren derby?

- Wêr fregest wol of krekt net nei?

De grutte kamera's litte we thús. Do silst ús net mei in hiel team op strjitte fine. Omdat we sûnder toeters en bellen op 'en paad binne, tinke wy de echte ferhalen los te krijen by de minsken. It makket it foar ússels ek makliker de fragen te stellen dy't ús op 'e lippen lizze. Ik sil my net sa gau ynhâlde haha.

- Wat ferwachtest te hearren?

Ik ha der oer neitocht en betocht hoe't ik mysels der by fiele soe. It liket my dreech wat op te jaan, te wêzen wa ast wiest wylst de omstannichheden feroarje. Mar tagelyk kinst ek kânsen sjen. Wy sykje nei de autentisiteit fan de gemeente en hoe't dy bestean bliuwe kin. Dat ferwachtsje ik werom te hearren yn de ferhalen.

De vlogs fan Afke steane fan moandei ôf op de spesjale temaside omropfryslan.nl/ferkiezingen/vlogs. Minsken dy't in bêd of in ferhaal hawwe foar Afke kinne kontakt mei har opnimme fia afke.boven@omropfryslan.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)