Sjinkie ferliest striid om Sineesk shorttrackgoud

11 nov 2017 - 09:15

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat it goud net winne kind op de 1500 meter. By de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai moast er it opnimme tsjin in sterk blok fan Koreanen. Hwang Dae-heon wie de rapste. Hy pakte de gouden medalje. Knegt waard twadde, en achter him kaam de Koreaan Kim Do-kyoum as tredde oer de meet.  Knegt hat in striemin toernoai riden, mei straffen op de 500 en 1000 meter. Yn de 5000 meter ôflossing waard er ek rillegau útskeakele. De medalje op de 1500 meter hat dat noch in bytsje goed makke.

Kopposysje

By de finale fan de 1500 meter stienen trije Súd-Koreanen op it iis. It begûn rêstich. Mei noch fjouwer en in heal rûntsje te gean pakte Knegt de kopposysje. Sa besocht er de race ûnder kontrôle te hâlden. By it yngean fan de lêste ronde kamen de twa Koreanen him foarby. Knegt moast yn de efterfolging. Yn de lêste bocht koe er Kim noch foarby, mar Hwang wie net te pakken. 

B-finales

Yn de B-finale pakte de Ljouwerter rider Itzhak de Laat (23) it fyfde plak. Yn de einútslach waard er alfde. By de froulju wûn Suzanne Schulting de B-finale. Yn de striid om it sânde plak wie se krekt yn bytsje flugger as de Kanadese Jamie Mcdonald. Schulting kaam yn de heale finale te fallen, se glide op har búk ier de finish. As tredde. Dêrtroch kaam se yn de B-finale telâne. 

Oflossing

De frouljusploech waard yn de heale finale fan de ôflossing útskeakele, en mei de B-finale ek net ride. Rianne de Vries die foar it earst dit seizoen wer mei, mar se krige in dubieuze penalty tsjin, yn in duel mei Kanada. Kanada en Sina gongen wol troch. De Vries bruts dizze simmer har ankel, mar se liket alwer goed opknapt. De manljusploech waard freed al útskeakele op de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)