"Besunigingsoperaasje by Ziggo treft Ljouwert net"

11 nov 2017 - 08:52
It haadkantoar fan Ziggo yn Utrecht - Foto: ANP

Ynternetprovider Ziggo slút acht kantoaren yn Nederlân. Dat meldt RTV Noord. Mei de sluting ferdwine sa'n 80 banen. Neffens RTV Noord bliuwe de fêstigingen yn Grins en Ljouwert iepen.

Ziggo hat sûnt de fúzje mei Vodafone 17 kantoaren, dêr bliuwe njoggen fan oer. Yn Utrecht komt in nij sintraal kantoar. It bedriuw hat op dit stuit sa'n 9.000 minsken yn tsjinst. Wêr't de banen ferdwine moatte, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Ziggo Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)