Kollum: It Luzhniki Stadion

11 nov 2017 - 08:07

"Op 15 july oar jier is der ergens in fuotbalwedstriid. Net samar in wedstriid, mar de finale fan it WK yn Ruslân. Nederlân hat ien kâns om dêr oan mei te dwaan, nammentlik as de skiedsrjochter en syn assistinten goed genôch binne. Foar it oare sille in soad minsken harren net ûnderdompelje yn oranje fersierde stjitten, mei idioate oranje pakken. Elk nadeel heb z’n voordeel, in ferneamde fuotballer sei it al. Mar dêr wol ik it fierder net oer ha.

Stadions binne plakken dêr’t minsken komme om ergens tsjûge fan te wêzen. Eartiids yn Rome sieten taskôgers te sjen nei gladiatoaren dy’t elkoar ôfslachten of hoe’t liuwen mei ta de dea feroardielden rêden. Wreed, mar sa folle ha we net leard. Yn Frankryk en Spanje fine se it noch altyd aardich om nei in bolle te sjen dêr’t it bloed út rint yn syn lêste oerke bline panyk en stress foar in pynlike dea. Pûde sjips der by en wat ha we in moaie jûn, no? Mar ek freefights binne wakker populêr, hoe minder regels wat mear kâns op bloed en dat lûkt minsken.

Yn de Volkskrant stie in fotoreportaazje oer it Amerikaanske plakje Knob Creek yn de steat Kentucky, dêr’t se twa kear yn it jier it Machine Gun Night Shoot feest organisearje. Mei masinegewearen en oare swiere wapens op auto’s en oare objekten sjitte. Foar de lol. It lûkt tûzenen minsken, gek op wapens en geweld.

As guon stadions prate koenen, soenen se fertelle fan misstannen tsjin de minsklikheid, oer opsletten boargers dy’t finzen naam wienen en net wisten wat harren te wachtsjen stie. Legio stadions soenen jim byprate kinne oer geweld tusken supporters, mei deaden ta gefolch. Of dat der fierstentefolle minsken talitten wienen en dat der minsken deadrukt en ferplettere waarden. Stadions dy’t yn de brân fleagen. Der ha harren in soad minder fraaie saken yn stadions ôfspile. 

Fuotbal is ek oarloch, sizze guon. De striid om it WK sil syn beslach krije yn ien fan de meast romrofte stadions fan de wrâld. Yn de Kâlde Oarloch, doe’t Google noch net bestie, wienen der in pear mytyske plakken yn Ruslân dêr’t je sa no en dan wat oer liezen yn de krante. Alma Ata, de wûnderiisbaan dêr’t je it by in bepaalde wynrjochting twa kear foar it lapke hienen en dêr’t supertiden riden waarden dy’t nea erkend binne omdat it mar in trainingsritsje wie. Allinnich dy berjochten en ferhalen al, wienen spannender as it riden fan hjoed-de-dei, moat ik sizze.

Noch sa’n namme is it Luzhniki stadion. Dêr soenen wol mear as 100.000 minsken yn passe, dat wie my wat. Wikipedia seit dat der yn 1963 tidens in wedstriid tusken de USSR en Italië mear as 102.000 minsken wienen. It stadion is yn 1956 iepene en is brûkt foar de Olympyske Spullen fan 1980. 63 lannen boykotten dy Spullen omdat Ruslân Afganistan binnenfallen wie. De Nederlanner Gerard Nijboer waard twadde op de maraton.

In swarte side yn it Luzhniki-boek is de Uefacupwedstriid tusken Spartak Moskou en, ja echt wier, HFC Haarlem. 66 Spartak fans fûnen de dea op dy iiskâlde oktoberdei yn 1982 omdat se allegearre troch deselde útgong nei de metro woenen.

It Luzhniki Stadion is de lêste jierren omtovere ta in fantastysk modern stadion. It hat 450 miljoen dollar koste. Der passe no 81.000 minsken yn, dy’t allegearre sitte kinne. Der sil op echt gers spile wurde. Oan de bûtenkant is it klassike uterlik net folle feroare, it stânbyld fan Lenin stiet noch altyd prominint foar de yngong.

It hie in moai plak west om nei Buenos Aires yn 1978 en Johannesburg yn 2010 foar de tredde kear in finale te spyljen. En te winnen."

(advertinsje)
(advertinsje)