Fryske toeterers blaze tsjin útwreiding Lelystêd Airport

11 nov 2017 - 07:57
Foto: ANP

Fjouwer- oant fiifhûndert aksjefierders demonstrearje sneon tsjin de útwreiding fan Lelystêd Airport. Al toeterjend wolle se op it fleanfjild hearre litte dat de plannen net trochgean moatte. De aksjegroepen komme út Fryslân, Gelderlân en Oerisel.

Lelystêd Airport hâldt sneon in iepen dei om de útwreidingsplannen sjen te litten. De demonstranten binne net fan doel dy iepen dei te fersteuren. Yn Fryslân is in soad ferset tsjin de útwreiding. Benammen yn it suden binne misken benaud foar oerlêst fan leechfleanende fleantugen.

Trefwurden: 
Lelystêd fleanfjild
(Advertinsje)
(Advertinsje)