Brân yn feesttinte fan bekende keunstner

By in brân op de Ofslútdyk is in tinte fan it ljochtprojekt fan Daan Roosegaarde behoarlik skansearre rekke. De brânwacht wie der fluch by, mar hie wol wat muoite om oan wetter te kommen. Dat moast fan de oare kant fan de dyk helle wurde.
Doe't der ien kear wetter wie, hiene de brânwachtminsken it fjoer frij gau út. It is net dúdlik oft der slachtoffers fallen binne. Oer de oarsaak fan de brân is ek noch neat bekend.
Neffens Rykswettersteat hat de brân gjin gefolgen foar it ljochtprojekt fan Roosegaarde. Dat begjint takom wykein. Underdiel dêrfan is it opljochtsjen fan de slûzekompleksen oan beide kanten fan de Ofslútdyk.