Piet Paulusma hat frij, dochter Martsje docht waar SBS6

Fêste folgers fan Piets Weer op telefyzjestjoerder SBS6 krigen freedtejûn net harren fertroude Harnzer waarman te sjen, mar in nij gesicht. De dochter fan Piet Paulusma, de 36-jierrige Martsje Paulusma, naam foar in kear it deistige waarpraatsje fan de waarman op telefyzje oer. De reden wie ienfâldich: Piet wie wol ris ta oan in frije dei. Martsje Paulusma is dêrnjonken net ûnbekend mei it presintearjen fan it waar. Se wie de ôfrûne jierren al faker te hearren op ferskate Nederlânske radiostjoerders. Oft Martsje yn de takomst faker te sjen wêze sil as waarfrou is noch net bekend.
Harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân hoege foarearst net bang te wêzen dat se harren fertroude waarman misse moatte. Piet Paulusma sjocht sneon gewoan wer nei it Fryske waar.