Lutz ynspirearret PvdA: "Us ballen binne fjoeriger as ea"

Lutz Jacobi fan de PvdA hat alle betrouwen yn it súkses fan har partij by de kommende gemeenteriedsferkiezings. Mei teksten as: "Us ballen binne fjoeriger as ea" en "wy brâne deryn" besiket se har partijgenoaten skerp te krijen. Freedtejûn waard der troch de PvdA in talkshow mei live muzyk organisearre yn it Trompteäter yn Ljouwert. It doel fan de jûn wie om inoar te ynspirearjen. Der kamen ferneamde PvdA'ers op ôf, sa as Lodewijk Asscher en Agnes Jongerius.
Mode-ûntwerpster Moniek Miedema, skriuwer Özcan Akyol en turnster Sanne Wevers wiene der ek. Wevers kaam wat fertellen oer it jeugdsportfûns, dêr't sy ambassadrise fan is.