Natuermuseum yn Ljouwert is 'Kidsproof' museum

10 nov 2017 - 21:30

It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert is freed troch goed fjouwertûzen museumynspekteurs útroppen ta it 'Kidsproof' museum fan Fryslân. De priis waard útrikt troch de nije minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, Ingrid van Engelshoven. Yn totaal waarden Nederlânske musea achttûzen kear keurd troch spesjale berne-ynspekteurs. It Natuermuseum yn Ljouwert foel by de bern benammen yn de smaak troch de draak, it ûnderwetterlibben en guon oare spannende bisten.

Yn hiel Nederlân meie 44 musea har dit jier 'Kidsproof' neame.

(Advertinsje)
(Advertinsje)