Monumint yn Harns fanwege bombardemint 1941

10 nov 2017 - 21:13
Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Yn Harns is in monumint pleatst om it bombardemint fan 1941 te betinken. Op 5 novimber fan dat jier kamen trettjin minsken om it libben, doe't in Ingelske bom midden yn it sintrum op de Schritsen telâne kaam. Neffens Willem Visser fan de stichting Centraal Comité 1945 Harlingen hat it bombardemint de grutste ramp foar de stêd west yn de tweintichste iuw. Op it monumint stean de nammen fan de slachtoffers.

It monumint is 76 jier nei it bombardemint pleatst, mar neffens boargemaster Roel Sluiter fan de gemeente Harns is it nea te let om in monumint te pleatsen.

(advertinsje)
(advertinsje)