Vegan Streaker Janssen frijlitten út Japanske finzenis

© VeganStrikeGroup
Aktivist Peter Janssen fan Stiens is freed nei tweintich dagen frijlitten út in Japanske finzenis. Janssen, ek bekend as Vegan Streaker, siet dêr fêst om't er in dolfineshow fersteurd hat. Yn Shirahama yn Japan sprong er mei in oare aktivist yn it wetter en hâlde in protestboerd omheech tsjin de slachting fan dolfinen yn Japan. De plysje hie de beide aksjefierders oppakt.
Janssen hat yn it ferline faker fêstsitten fanwegen syn diere-aktivisme, bygelyks yn Spanje.